Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Leeuwarder Straatnamen

De nammen fan strjitten, stegen en wegen ensafuorthinne yn it stedspart fan 'e gemeente Ljouwert binne it ûnderwerp fan dit boek, dat benammen bedoeld is as neislachwurk foar dejingen, dy't in histoaryske ferklearring sykje fan in strjitnamme. Sawol strjitten yn 'e binnenstêd - bygelyks Luilekkerland, Ossekop, Schavernek - guon bûten de grêften - Cambuursterpad, Oldegalileën, Hollanderdijk - hawwe dy nammen al ieuwenlang.

De jongere nammen - Bijenhofstraat, Fonteinstraat, Robinsonstraat - hawwe fakentiden ek in histoaryske eftergrûn.

De auteur, fan 1950 oant 1986 wurksum op en dêrnei in regelmjittich besiker fan it Ljouwerter Gemeente-argyf, wist fan alle no besteande strjitnammen - op in inkelde nei (Oeverstraat, Havingastate) - it komôf te efterheljen.

Oanjûn is wannear't in beskate namme foar it earst fermeld fûn is (as âldste: Weaze 1406) en wannear't (sûnt 1869) dy troch it pleatslik bestjoer befêstige of takend is.

De nammen fan net mear besteande strjitten - Kogelschans, Haakmaburen, Zalmklooster, binne ek opnommen, lykas offisjeuze nammen - Bargesteeg, Oude Koemarkt, Ericadorp - en nammewizigings (Weeshuisstraat, Perkstraat, A.S. Levissonsstraat, Groote Dwarsstraat, Heyermansstraat, Eysingastraat).

Ofbyldings fan gevelstiennen dy't te krijen hawwe mei strjitnammen en reproduksjes fan âlde stedsplattegrûnen yllustrearje it boek, dat om de rieplachting makliker te meitsjen, ek foarsjoen is fan registers en fan dúdlik resint kaartwurk.

Dolk, W.  Leeuwarder Straatnamen (wersjoene publikaasje). Rige Fryske nammen 11. Fryske Akademy 1997. Akademy-nummer 842. 
ISBN 90 6171 842 2. Prijs € 12,50 / voor leden en donateurs (stipers) € 11,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond