


Wilsters briede tûzenen kilometers noard fan Nederlân. By de trek, yn de hjerst en iere maityd, binne se te finen yn ‘e greiden fan it noarden en westen fan ús lân.
Modern ûndersyk oangeande dy karakteristike trekfûgels wurdt dien troch it wilsterflappen; in âlde metoade om wisters te fangen.
It wilsterflappen, sa docht bliken út histoaryske boarnen, waard al yn de santjinde ieu beoefene.
Oant 1978 wie it in jachtmetoade, dy't mei passy bedreaun waard en in lytse breawinning oplevere.
Tsjintwurdich binne yn Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân noch hyltiten tsientallen wilsterflappers aktyf: sy brûke de tradisjonele fangmetoade as moderne technyk by it ûndersyk nei komôf, trek en ekology fan wilsters.
Ut dat ûndersyk docht ûnder oaren bliken dat de wilster tige gefoelich is foar feroarings yn it behear fan de iepen romte.
It is dúdlik dat it wilsterflappen ek yn ‘e takomst fan belang bliuwt om eventuele bedrigings fan wilsters en harren ûndersoarten op ‘e tiid te witten te kommen.
Goudplevieren en wilsterflappers behannelet de kultuerhistoarje, techniken en tradysjes fan it wilsterflappen, it ûndersyk nei komôf en trekpatroanen fan wilsters en de takomst fan dy fûgels yn feroarjende omkriten.
It boeiende ferhaal is foarsjoen fan prachtige foto's fan Jan van de Kam en befettet dêrnjonken in soad histoarysk, nea earder publisearre byldmateriaal.
Jukema, Joop, Theunis Piersma, Jan B. Hulscher, Erik J. Bunskoeke, Anita Koolhaas en Arend Veenstra. Goudplevieren en wilsterflappers, eeuwenoude fascinatie voor trekvogels. Fryske Akademy Ljouwert / KNNV Uitgeverij Utrecht 2001. Akademy-nûmer 920. ISBN: 90 5011 147 5, ynbûn en yllustrearre, 272 p. Priis € 27,20 / foar leden en stipers € 24,94.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries