Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

List fan offisjele Fryske plantenammen

útferkocht

By it ûnderwiis, it publisearjen fan artikels oer de Fryske plantewrâld, by oersettingswurk en ek by alle skriuwers, dy't Fryske plantenammen brûke, is der ferlet fan in list fan algemien jildende Fryske plantenammen. Mei it each dêrop is dizze list gearstald.

Oan alle yn Fryslân yn 't wyld foarkommende planten is in - meast - Fryske namme jûn. Fan de kweekte planten en sierplanten binne allinne de bekendste opnaam en dêrfoar binne nea Fryske nammen betocht. Wol is de wittenskiplike namme soms oernaam as dy faak brûkt wurdt.

Foar dy planten, dêr't gjin Fryske namme foar bekend wie, is in namme betocht of oerset. As it efkes koe, binne yn dy gefallen de nammen oanholden, dy't yn de literatuer al brûkt wiene.

De planteslachten steane yn 'e list yn 'e systematyske folchoarder fan 'e Geïllustreerde Schoolflora voor Nederland, 13de printinge (Grins 1949) en fan 'e Beknopte Schoolflora, 7de printinge (Grins 1949), beide fan H. Heukels. De soarten fan in slachte steane alfabetysk.

Franke, D. en D.T.E. van der Ploeg, List fan offisjele Fryske Plantenammen. 
Fryske Akademy, Ljouwert 1985. Akademy-nûmer 58. Dr. J. Botke-rige nûmer 11.
ISBN 90 6171 058 8.  64 siden. Priis € 3,50 / foar leden en stipers € 3,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan