




In Fryske namme foar alle fûgels
[gjin yllustraasjes yn it boek]
Guon fûgels krije mei it ferskinen fan dizze publikaasje lang om let in eigen Fryske namme. Oare krije in nije Fryske namme.
Op 'e Nije list fan Fryske fûgelnammen hawwe alle fûgels dy't hjir ea omflein hawwe in plakje krigen. De Nije list fan Fryske fûgelnammenwurdt breed droegen troch taal- en fûgelkenners.
It boekje wurdt útjûn troch de Fryske Akademy, mei stipe fan de Bond van Friese Vogelwachten, de Fryske Feriening foar Fjildbiology en de provinsje Fryslân.
Op 'e list stean krapoan fiifhûndert fûgels; alle soarten dy't ea yn ús lân sjoen binne. Dêrfan hawwe der sa likernôch hûndert in nije of fernijde namme krigen. It útgongspunt fan 'e gearstallers wie in yn 1994 bywurke ferzje fan 'e Fryske-nammelist dy't Jehannes Boersma yn 1963 makke.
Yn Nederlân wurde hyltiten mear fûgelsoarten registrearre, om't waarnimmers mei better materiaal wurkje. In protte soarten krije in ferfryske Hollânske namme, hoewol't der ek geve Fryske nammen te betinken binne. Sa bliuwt it Frysk in libbene taal.
De makkers fan 'e list brochten, foar in logysker oardering fan 'e soartnammen, ferskate fûgels ûnder by in nije famylje. De drieteenstrandloperferoare fan 'moddersnip' yn 'sângril', want it is gjin snipeftige mar in gril. De rosse grutto hjit no 'reade skries' en net mear 'heawylp', want it is gjin wylp. En om't in 'blokfink' gjin fink is, hjit dizze no 'blokmies' en net mear 'blokfink'. Fan guon fûgels is de net logyske namme al sa ynboargere, dat se net meat te feroarjen binne. De 'strânljip' (scholekster) komt bygelyks net mear ôf fan de namme strânljip, wylst it fansels gjin ljip is. De Nederlânske namme doocht ek net, want in ekster is it likemin.
Engelmoer, M. e.o. (red.), Nije list fan Fryske fûgelnammen. Fryske Akademy, Ljouwert, 2004. Dr. J. Botkerige nûmer 27.
Akademy-nûmer 970. ISBN 90 6171 970 4. 22 siden. [gjin yllustraasjes yn it boek]. Priis € 7,50 / foar leden en stipers € 6,00.
Ynformaasje: S. Tijsma
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)