
Yn it ôfrûne jier 2004 is in nije list fan Fryske fûgelnammen útjûn ûnder auspysjes fan 'e Fryske Akademy en ûnder einredaksje fan Meinte Engelmoer. Dizze list is de opfolger fan It wylde fûgelt, in list fan Fryske fûgelnammen dy’t de ûnderwizer en Akademy-meiwurker Jehannes Boersma yn 1963 gearstalde. Dêrfan ferskynden yn 1972 de earste en yn 1981 en 1994 in twadde en tredde printinge.
Yn 'e Nije list fan fryske fûgelnammen binne gjin registers fan 'e Fryske, Hollânske en wittenskiplike nammen opnommen. Dat wurdt yn 'e rûnten fan (Fryske) fûgelers as in gemis sjoen. Willem Boelens, sikretaris fan 'e Fûgelwacht Hurdegaryp, hat sels yn dat ferlet fersjoen en in list makke fan de Hollânske nammen en harren Fryske ekwivalint. Hy konstatearre by it opstellen dat deGrauwe Fitis twa kear ûnder ferskillende Fryske nammen yn 'e list foarkomt. Mei de einredaksje fan de Nije list fan fryske fûgelnammen is besletten de namme Skiere Fitis yn dit register ferfalle te litten.
It register is opsetten yn in alfabetyske folchoarder. Dêrby binne de famyljes groepearre. Sa waarden de earste trije fûgels fan dit register: Aalscholver, aalscholver Dwerg- en aalscholver Kuif-. As der in adjektyf by de namme heart dan wurde beide nammelidden mei in haadletter skreaun: Kiekendief Grauwe, mar kiekendief Steppe-. Troch dizze kar rekken de miezesoarten Matkop enGlanskop en de seachbeksoart Nonnetje skieden fan harren famylje (mees en zaagbek). By bygelyks Swarte See-ein is foar de notaasje eend Zwarte Zee– - keazen.
Yn oerlis mei Sake P. Roodbergen, de redakteur fan it tydskrift Vanellus fan 'e Bond van Friese Vogelbeschermingswachten (BFVW), is besletten ta dizze útjefte. It formaat is kwa hichte eksakt gelyk oan de Nije list fan Fryske fûgelnammen, sadat it sels mooglik is om de beide tinne boekjes yninoar te lymjen. Jo kinne dit register dan gewoan op 'e lêste side fan it omslach fan de Nije list fan Fryske fûgelnammen plakke. By it fêststellen fan 'e breedte fan it register is dêr rekken mei hâlden. Op dy wize bliuwt de prachtige omslachfoto fan twa Hoantsen, makke troch Albert Wester út Garyp, gewoan sichtber.
Utjûn mei stipe fan: De Print Partners GMI, Grou en Stichting Vogelverzorgingsfonds Friesland.
Yn eigen behear útjûn troch Willem Boelens en Sake P. Roodbergen 2005. 10 siden. Priis € 2,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries