Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Veldgids landschapselementen Noardlike Fryske Wâlden

It bysűndere lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden bestiet út in netwurk fan smelle beplantings mei lânseigen beammen, strűken en krűden: de dykswâlen en elzesingels. Dęrtusken fine wy pleatslik iepen wetter yn 'e dobben en pingo's.

Dizze rynsk yllustrearre Veldgids behannelet de skaaimerken en benammen it behear fan dykswâlen, elzesingels, dobben en pingo's. By in goed behear fertsjintwurdigje se grutte wearde foar it lânskip, foar de natuer en as libbene kultuerhistoarje.

De Veldgids yllustrearret wat dy lânskipselementen sa weardefol makket. Oanjűn wurdt wat dien wurde kin - of krekt litten wurde moat - om in goede steat fan űnderhâld te berikken en te behâlden.

As helpmiddel dęrby befettet de gids beoardelingstabellen foar dykswâlen en elzesingels. Dęrmei binne yn it fjild de wichtichste faktoaren dy't de kwaliteit útmeitsje, nei te rinnen.

Boer, J.J de, Veldgids landschapselementen Noardlike Fryske Wâlden. Landschapsbeheer Friesland en Fryske Akademy Ljouwert 2004. dr. Botkerige nűmer 26. Akademy-nűmer 967. ISBN: 90 8078 0316. 
It formaat fan it rynsk yllustrearre boek is 16 sm breed en 22 sm heech. De dikte is 3 sm, it tal siden is 196. 
Priis € 10,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nęsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)