Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Administrative en fiskale boarnen oangeande Fryslân yn de ier-moderne tiid

Nammen, nammen en nochris nammen. Dat is wat dit boek de histoarikus en de genealooch te bieden hat. It is in bondel fan trije ôfsűnderlike boarnen út in perioade dy't tige wichtich foar Fryslân wie.

Yn de earste en lytste binne de Registers fan geastlik besit yn Himmelumer Aldfurden Noardwâlde, Skoatterlân en Eaststellingwerf, 1578/1580 opnommen. Dy befetsje gâns toponimen en nammen fan hierders út gritenijen, dęr't út dy tijd oars amper skriftlike gegevens fan oerlevere binne.

De twadde boarne is de Rekken fan de kleasteropkomsten yn Fryslân oer it boekjier 1606/1607, opmakke troch Joannes Henrici [Rhala]. Dy jout foar it neamde boekjier de nammen fan alle meiers fan de kleasterpleatsen dy't sűnt 1580 yn hannen fan de Steaten wiene.

Tagelyk befettet se ek in folslein oersjoch fan de grutte en wearde fan it lânbesit fan de eartiidske kleasters. Dat besit besloech yn totaal sa'n 15 oant 20% fan de bęste Fryske kultuergrűn. Fierder kinne yn dy boarne in protte nammen en sifers fűn wurde oangeande de persoanen en ynstellings dy't út de kleasteropkomsten betelle waarden: de universiteit fan Frjentsjer, it amtnersapparaat fan de provinsje en gâns dűmnys, professoaren, studinten en klerken.

De measte nammen, hast 7000, binne yn de tredde en grutste boarne te finen: de Registers fan de Personele Ymposysje út 1578. Dat binne belestinglisten, dęr't alle draachkręftige persoanen yn neamd wurde mei it bedrach dęr't se foar oanslein waarden. Nijsgjirrich is, dat dęryn de ferskillen yn rykdom en earmoed foar in grutte groep minsken oan it ljocht komt. De listen binne fan 17 gritenijen en 8 stęden bewarre bleaun.

Meer, P.L.G. van der, J.A. Mol en P. Nieuwland, Administrative en fiskale boarnen oangeande Fryslân yn de ier-moderne tiid. Boarnerige 3. Fryske Akademy, Ljouwert 1993. Akademy-nűmer 763. 
ISBN: 90 6171 763 9. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond