Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Armamentarium totius sapientiae. Een arsenaal van alle wetenschap

De Franeker academiebibliotheek in de zeventiende eeuw

Dizze publikaasje behannelet de Frjentsjerter akademybibleteek yn 'e santjinde ieu. Dêrby komt yn it earste part in ferskaat fan aspekten oan 'e oarder: de skiednis fan 'e biblioteek, de ynrjochting dêrfan (dy't yn dy ieu yngeand feroare), it brûken (en misbrûken) troch heechleararen en studinten, it uterlik fan 'e boeken, de skinkers fan 'e boeken en de printe biblioteekkatalogussen dy't ferskynden yn 'e rin fan de santjinde ieu.

By de behanneling fan dy aspekten docht mear as ien kear bliken dat de Frjentsjerter akademybiblioteek yn 'e eigen regio rekkenje koe op waarme belangstelling en stipe út ferskate lagen fan 'e Fryske mienskip. Dy stipe hat der ek ta laat dat de biblioteek, nettsjinsteande it ûntbrekken fan in struktureel oankeapbudzjet, groeie koe ta in ridlik folweardige akademybiblioteek, dêr't gelearden en studinten út de fjouwer fakulteiten (Teology, Rjochten, Medisinen en Frije Keunsten) benammen de grutte neislachwurken op harren fakgebiet rieplachtsje koene.

It twadde part befettet in edysje fan 'e katalogus fan likernôch 1691. Yn 'e wiidweidige annotaasjes dêrby wurde bibliografyske gegevens kombinearre mei eksimplaargegevens: frijwol alle boeken binne te finen yn Tresoar yn Ljouwert. Dat diel jout ek in tal registers dy't it brûken fan 'e edysje makliker meitsje. Om't yn dizze edysje de eardere beskikbere katalogussen (fan 1626, 1635, 1644, 1656) ynwurke binne, jout it boek in goed oersjoch fan it hiele santjinde-ieuske besit fan 'e universiteitsbiblioteek.

Wierda, L.S., Armamentarium totius sapientiae. Een arsenaal van alle wetenschap. De Franeker academiebibliotheek in de zeventiende eeuw. Fryske Akademy, Ljouwert 2005. Akademy-nûmer 982. 
ISBN: 90 6171 982 8. NUR 694. 423 siden. Priis 35,00 / leden en stipers 33,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)