
Publieke zorg en particuliere liefdadigheid in zes Friese steden
Leeuwarden, Bolsward, Franeker, Sneek, Dokkum en Harlingen
Earmesoarch wie yn Europa fanâlds in saak fan algemien belang. Yn 'e Midsieuwen soarge de parochy foar de earmen. Yn de sechtjinde ieu lutsen yn hiel West-Europa stedsbestjoeren de ferantwurdlikheid foar de earmesoarch nei harren ta. Stedsoerheden wiene ferantwurdlik foar it bloeien fan harren stęd. Hja seagen ta op alles wat dat befoarderje koe.
Dęrta hearde ek de earmesoarch, njonken it űnderhâld fan de ferdigeningswurken en stedsgebouwen, de organisaasje fan de skutterij, de reglemintearring fan gilden, hannel en jildwęzen, ferkear en transport, de brânwar, de Latynske skoalle en de stedsdokters, -sjirurgyns en froedfrouwen. Yn de hjir behannele perioade stie de earmesoarch wol gauris op de aginda fan de stedsbestjoeren. It wie in űnderwerp dat hyltiten harren omtinken frege.
It boek bestiet út trije dielen. It earste behannelet de sechtjinde ieu oant de omkear fan 1580 ta. Dęryn wurdt de tradisjonele midsieuske earmesoarch sketst en dęrnei komt it trochwurkjen fan de humanistyske herfoarmingsfoarstellen yn de Fryske stęden en de wjerstannen dy't se oprôpen, oan 'e oarder.
It twadde part is bestege oan de opbou fan in gearhingjend systeem fan earmesoarch nei 1580. It behannelet efterinoar it provinsjaal belied op dat męd, de reorganisaasje fan de stedsearmfâdijen, de űntjouwings yn gast- en weeshuzen en de opkomst fan de tsjerklike diakonyen. It humanistysk programma en de tsjinwurking dęrtsjin foarmen de reade tried troch dizze haadstikken.
It tredde diel analysearret de wize węrop't dat systeem yn it lęste desennium fan de santjinde en yn 'e rin fan de achttjinde ieu radikaal feroare. It begjint mei een analyze fan de aard fan de feroarings dy't yn 'e lęste 25 jier fan de santjinde ieu ynsetten. Dęrop folgje haadstikken oer de wetjouwing en deliberaasjes fan 'e kant fan it provinsjaal bestjoer en oer de wjerslach dęrfan op de pleatslike earmesoarch. It beslút mei in beskriuwing fan de wurkhuzen, dęr't de űntjouwings fan dizze perioade harren yn wjerspegelje.
Spaans, J.W., Armenzorg in Friesland 1500-1800. Publieke zorg en particuliere liefdadigheid in zes Friese steden: Leeuwarden, Bolsward, Franeker, Sneek, Dokkum en Harlingen.
Verloren, Hilversum en de Fryske Akademy, Ljouwert 1997. Fryske Histoaryske Rige XV. Akademy-nűmer 850, 400 siden. ISBN 90 6550 574 1. Priis € 28,00 / foar leden en stipers € 25,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)