
Bibliographie der Reden, Disputationen und Gelegenheitsdruckwerke der Universität und des Athenäums in Franeker 1585-1843
Dit boek befettet in bibliografy fan foardrachten, disputaasjes en gelegenheidsprintwurk fan de universiteit en it ateneum yn Frjentsjer, dy't it folsleine tiidrek fan de beide ynstituten omfettet, 1585-1843. De Academia Franekerensis wie in lytse universiteit yn it uterste noarden fan Nederlân, dy't nettsjinsteande in grutte oantrekkingskręft útoefene op protestantske studinten út hiel Europa. Fan Koningsberg oant Londen, fan Sweden oant Zevenburg kamen studinten nei Frjentsjer ta om de kolleezjes fan ferneamde professors as Amesius en Huber te folgjen. It Auditorium fan Frjentsjer wie in middelpunt fan geleardheid: foar it yn de kolleezjeseal sammele akademyske publyk lieten de professors yn harren foardrachten hearre hoe bespraakt hja wiene en ferdigenen de studinten harren disputaasjes yn fűleindige debatten. Harren stimmen binne ferstomme, mar yn mear as 150 universiteiten oer de hiele wrâld binne printe tsjűgenissen fan harren wurk te finen.
Dizze bibliografy befettet titels út alle doetiidske fakulteiten: teology, rjochten, medisinen en "Artes". As boarnemateriaal foar űndersyk, bygelyks nei it űnderwiis fan in beskaat dosint, nei feroarjende opiny's oer beskate űnderwerpen, of nei it ferrin fan de stúdzje fan in studint, koene dizze wurken hiel wichtich węze. Doetiids rjochten studinten en professors harren mei harren publikaasjes út de kolleezjeseal wei ta in grutter publyk, hjoed de dei kinne de geskriften as boarnen tagong ta it Auditorium fan de histoarisy jaan.
Postma, F. und J. van Sluis, Auditorium Academiae Franekerensis. Bibliographie der Reden, Disputationen und Gelegenheitsdruckwerke der Universität und des Athenäums in Franeker 1585-1843. Fryske Akademy, Ljouwert 1995. Akademy-nűmer 760. Rige bio- en bibliografyske skriften nűmer 23. ISBN: 90 6171 760 4. 754 siden. Priis € 56,50 / foar leden en stipers € 52,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
William Shakespeare (1564-1616)