
Beschrijving van de reis door de Verenigde Nederlanden, Engeland en Frankrijk in het jaar 1683
útferkocht
Yn 1683 fette de bekende dûmny Balthasar Bekker, mei in pear freonen, it plan op om op reis te gean. Hja gongen nei de Súdlike Nederlannen, Frankryk en nei Ingelân. Fan dy reis hat Bekker in ferslach makke, dat in goed byld jout fan de tiid en it ynsjoch yn wat Bekker en syn freonen wichtich fûnen om te besjen.
It reisferslach is besoarge fan dr. Jacob van Sluis. Yn syn ynlieding jout Van Sluis oan in stikmannich fragen omtinken. Bygelyks: wêrom ûndernaam Bekker mei syn freonen de reis. It docht bliken dat it doel fan Bekker en syn reisselskip net oars wie as fan minsken dy't hjoeddedei op reis geane, nammentlik toerisme. Bekker as gelearde besiket út soarte ek wol universiteiten, bibleteken en guon gelearden, mar fral toeristyske attraksjes, benammen gebouwen as de Notre Dame en de Dôme des Invalides.
It plattelân wurdt net beskreaun. Dat wie blykber noch eat dat 'net opfoel', dat wol sizze te fanselssprekkend wie om te fermelden. Bekker hie spesifyk belangstelling foar festingwurken; dat siet yn de femylje: syn sweager B. Fullenius wie heechlearaar yn Frjentsjer yn de wiskunde, lânmjitkunde en festingboukunde. Ut soarte is Bekker as teolooch ek ynteressearre yn net-grifformearde tsjerken: de anglikaanske en de Roomsk Katolike tsjerke.
Van Sluis besiket ek in andert te jaan op de fraach foar wa't Bekker syn reisferslach makke hat. It wie net om út te jaan, mar wol foar in beskate lêzersrûnte bedoeld (femylje en freonen).
Net eltsenien koe reizgje, dat sa'n ferslach foel der by in soad minsken wol yn. No is dus it reisferslach foar in brede rûnte beskikber en kin de hjoeddeiske lêzer sels, lykas doedestiids de sibben en kunde fan Bekker, mei him de reis fan 1683 noch ris meimeitsje. Lit ús Bekker sels ris efkes it wurd en in foarbyld fan syn humor jaan. Hy beskriuwt in útstapke op de Thames.
"Tusschen tyden besagen wy noch eenige bijgelegene plaatsen.
Want met een roeischuitje, wierden wy door den heer VanderPort de revier op geleid, Westmunster voorbij tot daar de boght na't oosten komt, aan d' andere zyde, tot de buurte Faxhall genaamd, alwaar een groote kroeg met eenen ruimen tuin is, die verscheidene wandelrijen heeft: daar wij na gedanen ommegang onsselve met eenen koelen dronk verquikten; met koexkens, waaral de aangename smaak door tong en gehemelte tot diep in onse beurse doordrong."
Balthasar Bekker, Beschrijving van de reis door de Verenigde Nederlanden, Engeland en Frankrijk in het jaar 1683. Naar het handschrift uitgegeven en toegelicht door Jacob van Sluis.
Fryske Akademy Ljouwert 1998. 134 siden. Rige Stúdzjes en Boarnemateriaal nûmer 19 .
Akademy-nûmer 872. ISBN: 90 6171 872 4. Priis € 12,50 / foar leden en stipers € 11,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)