Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Bekkeriana

Balthasar Bekker biografisch en bibliografisch

Yn it earste part wurdt in skets jûn fan Balthasar Bekker syn libben en wurk en fan in oersjoch fan syn neiteam. Sintraal stiet dêr de fraach hoe't it koe dat in diskusje oer saken as hekserij en tsjoenderij, in probleem dat yn 'e tiid fan Bekker al net mear op 'e neil baarnde, sa heech oprûn. Van Sluis karakterisearret Bekker as in leard, iverich ambisjeus en fêsthâldend man, mar ek as immen mei te min selsbetrouwen en te min takt en tefolle wierheidsbesef: in learde mar sosjaal

Yn it twadde part ('Bekker bibliografisch') wurdt in karút fan de wurken fan Bekker jûn. Boppedat wurdt de ferkeapkatalogus fan Bekker syn boekebesit, dy't mei troch it krewearjen fan dr. J.J. Kalma weromfûn waard, ôfprinte.

Sluis, J. van, Bekkeriana, Balthasar Bekker biografisch en bibliografisch. 
Fryske Akademy, Ljouwert 1994. Stúdzjes en Boarnemateriaal nûmer 17. Akademy-nûmer A 116. 
Priis € 9,00 / foar leden en stipers € 8,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Ús âldfaars taal ferhúnd, ferstaat, ferproppe wie nêsteby yn it reach betiisd, yn it jierfek stoppe”

“Our ancestral language despised, orphaned, neglected had almost been deposed, a relic of ancient history.” Gysbert Japicx (1603-1666)