Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Bibliografie van hoogleraren in de rechten aan de Franeker Universiteit tot 1811

Fryslān hie yn 'e 17de en 18de ieu in eigen universiteit yn Frjentsjer. Dy universiteit hie in wichtige juridyske fakulteit dźr't inkele ferneamde gelearden oan ferbūn wiene, fan wa 't de wichtichste grif Ulrik Huber (1636-1694) wie. Oer it ūnderwiis en de wittenskipsbeoefening oan dy fakulteit binne al ferskate wichtige stśdzjes ferskynd, mar in folslein oersjoch fan de publikaasjes fan de Frjentsjerter juridyske heechleararen ūntbruts oant no ta. Yn it ramt fan in projekt dat al ta publikaasje fan soksoarte oersjoggen foar de universiteiten fan Leien en Utert laat hat, is it professor Robert Feenstra, emeritus heechlearaar oan 'e Universiteit van Leien, no nei jierrenlange tarieding en mei help fan oaren, slagge en folje dat iepen plak op.

Yn syn bibliografy fynt men alle publikaasjes (boeken, disputaasjes, pamfletten ensafuorthinne) fan 'e professoaren fan de Frjentsjerter rjochtefakulteit, mei śtsūndering fan sa'n fyftjin, dy't al yn it Leidske en it Uterske part behannele binne, om't de oanbelangjenden ek oan dy universiteiten heachlearaar west hawwe.

In wichtich part fan de beskreaune wurken is yn 'e Provinsjale Bibleteek fan Fryslān bewarre bleaun, mar der binne ek in soad dy't allinne yn oare bibleteken en kolleksjes yn binnen- en būtenlān te finen binne en dźr't bytiden fiere bibleteekreizen foar ūndernommen wurde moasten. De oanwźzigens fan twadde en fierdere eksemplaren yn dizze bibleteken is sa folslein mooglik oanjūn.

De bibliografy foarmet sadwaande in wichtich neislachwurk foar oare ūndersikers en is dźrom troch de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen en de Fryske Akademy yn Ljouwert śtjūn.

Feenstra, R., Bibliografie van hoogleraren in de rechten aan de Franeker Universiteit tot 1811. 
Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen Amsterdam en de Fryske Akademy 
Ljouwert 2003. Akademy-nūmer 951. ISBN: 90 6984 364 1. 192 siden. 
Priis € 29,00 / foar leden en stipers € 26,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjūge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hāldt it ūnthāld libben, jout help yn it deistich libben en bringt śs tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)