

Archivalische gegevens over de stemdragende boerderijen, hun eigenaars en gebruikers in de twaalf dorpen van de grietenij Hennaarderadeel
door D.J. van der Meer bezorgd door J. Oostra, ingeleid door J.A. Mol en geïndexeerd door O. Hellinga
Op 11 desimber 2002 ferstoar Douwe Jans van der Meer te Reduzum, skoalmaster en ferneamd ‘sneuper’ of ûndersiker op it mêd fan de lokale en regionale skiednis. Ut syn neilittenskip presintearret de Fryske Akademy it Pleatseboek of Boerderijenboek Hennaarderadeel. It befettet systematysk neffens pleats alle gegevens dy’t troch Van der Meer út de argiven sammele binne oer de eigendom en it gebrûk fan it grûnbesit yn de doarpen Hinnaard (Hennaard), Lytsewierrum (Lutkewierum), Easterein (Oosterend), Hidaard, Wommels, Waaksens, Kûbaard, Spannum, Wjelsryp (Welsrijp), Baaium en Iens (Edens). Dit boek oer de eartiidske gritenij Hinnaarderadiel, dy’t no diel fan de gemeente Littenseradiel útmakket, kin unyk foar Fryslân neamd wurde.
Dat komt om’t de oerlevere rjochterlike argiven foar Hinnaarderediel krekt tige ryk oan ynformaasje binne en se foar dy gritenij ek it fierste yn de tiid tebekrikke.Tank sij dy ynformaasjetichtens kin fan 1698 ôf foar hast elke pleats it spoar tebek yn de tiid folge wurde oant 1511 ta en dat betsjut dat foar de santjinde en sechtjinde ieu net allinnich de kleasters, adel en parochytsjerken en grûnbesitters mei har hierders yn byld komme, mar ek de eigenierden, dy’t krekt yn de Greidhoeke sa’n wichtige rol op polityk en maatskiplik mêd spilen.
Histoarisy kinne der dus in soad oan hawwe en foar genealogen is it in goudmyn, net allinnich fanwege de mannichte oan gegevens mar ek troch it grutte tal genealogyske skemas dy’t de houliksrelaasjes tusken de ferskate famyljes op de pleatsen taljochtsje. Dêrneist sille de hjoeddeistige en eartiidske bewenners en bewensters fan de Hinnaarderadielster pleatsen der in soad fan har gading yn fine kinne.
It boek sil mear as 500 siden yn A-4 formaat omfiemje en wurdt behalve fan in ynlieding en in bibliografy fan Van der Meer fan twa wiidweidige nammeregisters foarsjoen. Fierder binne der foar elk doarp tige krekte oersichtskaartsjes yn opnommen dêr’t de pleatsen mei it dêrby hearrende grûnbesit op weromfûn wurde kin. In loftfoto fan it oanbelangjende doarp yn fûgelflecht kompletearret it gehiel.
D.J. van der Meer, bezorgd door J. Oostra, ingeleid door J.A. Mol en geïndexeerd door O. Hellinga. Boerderijenboek Hennaarderadeel 1511-1698. Archivalische gegevens over de stemdragende boerderijen, hun eigenaars en gebruikers in de twaalf dorpen van de grietenij Hennaarderadeel.
Fryske Akademy, Ljouwert 2004. Akademy-nûmer 962. ISBN: 90 6171 962 3.
Priis € 40,00 / foar leden en stipers € 37,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)