Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De Friese Huizen van de Duitse orde

Utferkocht

Nes, Steenkerk en Schoten en hun plaats in het middeleeuwse Friese kloosterlandscha

Yn dit boek steane de trije huzen of kleasters fan de Dútske Oarder yn Fryslân sintraal.

De Dútske Oarder wie gjin kleasteroarder. De oarder is ûntstien as hospitaalbruorskip yn Palestina by de tredde krústocht en waard dêrnei al gau omfoarme ta in ridderoarder dêr’t it militêre elemint de oerhân yn krige.

De Fryske fêstigings wiene lykwols net fan ridderlik-militêre aard. Hja hiene yn gâns opsichten deselde taken as de kleasters fan de oare oarders yn Fryslân. It wiene allyksa dûbelkleasters - dus mei mânlju èn froulju. Se fersoargen gebeden foar it sieleheil fan de regionale elite en diene dêrneist oan sielsoarch. Sân preesterbruorren fan it hûs fan Nes bygelyks wiene wurksum as pastoars yn likefolle parochys yn de direkte omkriten.

Wêrom ûntstiene Nes, Stientsjerk en Skoat as kleasters? Hoe funksjonearren hja en hoe wie de ûntjouwing fan har relaasje ta de oarder?

Om dy fragen te beänderjen wurdt har skiednis hjir folge fan de stichting yn de trettjinde ieu ôf oant de opheffing yn 1580. It doel is om op dy wize mear te learen oer de ûntjouwing fan sawol de midsieuske kleasterwrâld as de Dútske Oarder, benammen yn de Nederlannen.

In soad omtinken is jûn oan de kearen dat it besykjen om yn de fyftjinde ieu ta herfoarming te kommen mislearre, oan it ekonomysk libben en oan it lot fan de huzen yn it tiidrek fan de Reformaasje. Oan ’e ein is in fjirtichtal net earder publisearre dokuminten opnommen dy’t in soms tige direkte blik mooglik meitsje op it hâlden en dragen fan de Fryske oarderbruorren en -susters.

Mol, J.A., De Friese Huizen van de Duitse orde. Nes, Steenkerk en Schoten en hun plaats in het middeleeuwse Friese kloosterlandschap. Fryske Akademy, Ljouwert 1991. Akademy-nûmer 739. ISBN: 90 6171 739 6. 
416 siden. Priis € 22,50 / foar leden en stipers € 21,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)