Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De Friese orgels in de periode van 1500 tot 1750

Utferkocht

Auke Vlagsma promovearre yn 1992 op it proefskrift Het 'Hollandse' orgel in de periode van 1670 tot 1730. Syn belangstelling foar de oargels bleau en no leit der in boek fan in 500 siden, rynsk yllustrearre mei foto's en tekeningen. Systematysk wurde de gegevens oer de oargels yn de stêden, doarpen en kleasters beskreaun en dan benammen yn it tiidrek fan de Hege Renêssânse. Neffens tiidrek wurde earst de oargels en har skiednis yn detail beskreaun, dan de oargelmakkers en dêrnei de oargelisten, ek wer tige detaillearre. Boppedat hat Vlagsma ûndersyk dien nei de arsjitektuer fan 'e oargelkassen. Vlagsma is úteinlik in boukundige fan Delft en kin sa syn saakkundigens op dit mêd goed kwyt.

It boek wurdt ôfsletten mei in gearfetsjende ferliking tusken de Fryske en Nederlânske ûntjouwings op oargelmêd yn de ûnderskate tiidrekken. Wa't in soad witte wol oer oargelisten, oargelbouwers en oargels yn Fryslân foar 1750, hat tenei yn dizze publikaasje alle karút.

Vlagsma, A.H., De Friese orgels in de periode van 1500 tot 1750. Een onderzoek naar de geschiedenis en de bouw van de orgels, de kasarchitectuur, de orgelmakers en de organisten. (Mit einer Zusammenfassung in deutscher Sprache) (mei in gearfetting yn it Frysk). 
Fryske Akademy Ljouwert 2003. Akademy-nûmer 939. ISBN 90 6171 939 9, Priis € 45,00/ foar leden en stipers € 43,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)