Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De Gemaskerde God

François HaverSchmidt en het Oera Linda-boek

It Oera Linda-boek is ien fan 'e meast yntrigearjende mystifikaasjes út ús literatuerskiednis. Yn it boek wurdt beskreaun hoe't yn West-Europa in mear as fjouwertûzen jier âlde Fryske kultuer bestien hat dy't troch froulju laat waard en dêr't de frijheid fan it yndividu de heechste wearde wie. De lettere West-Europeeske kultuer is net mear as in ferbastering fan dy weiwurden Fryske beskaving, sa suggerearret it boek, dat yn 1867 by in ienfâldige timmerbaas yn Den Helder foar it ljocht kaam.

Is dit Oera Linda-boek echt? Wat is it? Wa hat it skreaun? Sûnt it hast oardel ieu ferlyn te foarskyn kaam, hat it boek him tsjin dy trije fragen steande witte te hâlden. Oer de hiele wrâld sjogge guon it noch altiten as ien fan de âldste fuortbringsels út 'e Westerske literatuer en as in boarne sûnder ein fan (libbens)wiisheid.

Mar ek foar wa't dat net leaut is it gjin útmakke saak wat it Oera Linda-boek dan wol is, lit stean wa't it makke hat. Is it in knoffelich skreaun fantastysk ferhaal oer de alderâldste Fryske skiedenis of is it in erudyt, oerlein, ja trochtrape stik wurk?

Yn De Gemaskerde God wurdt de bizarre skiednis beskreaun fan dizze reuzeparody en bibel tagelyk. Wat is feit, wat fiksje en wêr rint de grins tusken beide - yn 'e wrâld, yn it Oera Linda-boek, yn 'e persoan dy't it lêst en yn it wêzen fan 'e man dy't it betocht: François HaverSchmidt?Goffe Jensma (1956) wurket as kultuerhistoarikus by de Fryske Akademy yn Ljouwert. Dêr hâldt er him dwaande mei literatuer yn Fryslân fan 1500 oant 1900. Hy publisearre stúdzjes ûnder oaren op it mêd fan de Nederlânske wittenskips- en universiteitsskiednis en ek oer de njoggentjinde-ieuske Fryske kultuer.

Jensma, G., De Gemaskerde God. François HaverSchmidt en het Oera Linda-boek. Walburg Pers Zutphen en de Fryske Akademy 2004. Akademy-nûmer 973. ISBN 90 5730 344 2. 468 siden. Priis € 39,95 / foar leden en stipers  € 39,95.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)