Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De Gietersen in Friesland

De migratie van Noordwest-Overijsselse turfgravers naar het Friese laagveengebied in de tweede helft van de 18de eeuw

Yn it jier 1750 teagen de earste ferfeanters út Giethoorn wei nei de Lege Midden fan Fryslân om dêr de 'wiete' turfgraverij om kommersjele wize oan te pakken. Sy setten harren mei harren húshâldings nei wenjen yn Haskerlân en Skoatterlân en wiene de foarrinders fan in grutte mannichte migranten, dy't yn Fryslân as 'Gitersken' bekend waarden. Harren neikommelingen soene har letter ferspriede oer it hiele Fryske leechfeangebiet.

De Gietersen in Friesland behannelet de lânskiplike en sosjale feroarings dy't it gefolch wiene fan de migrantestream út Noardwest-Oerisel wei. De auteur beskriuwt de sosjale posysje en de wolstân fan de Gitersken, harren komôf en mobiliteit, de famyljerelaasjes, harren nammen en harren taal. Oan harren neiteam yn Fryslân wurdt ek gâns omtinken jûn. Dêrnjonken is in wiidweidich biografysk en genealogysk oersjoch opnommen fan alle 700 ferfeanters-ymmigranten yn Haskerlân en Skoatterlân yn de achttjinde ieu.

Dr. Jochem Kroes (1951), histoarysk-geograaf, stamt sels ôf fan sa'n Giterske famylje, dy't him yn Lemsterlân fêstige. Hy promovearre yn 1991 op in histoarysk-lânskiplik ûnderwerp. De auteur wurket by it Centraal Bureau voor Genealogie yn De Haach en publisearre earder it Jierboek fan dat buro oer de Gitersken yn Fryslân.

Kroes, J. De Gietersen in Friesland. De migratie van Noordwest-Overijsselse turfgravers naar het Friese laagveengebied in de tweede helft van de 18de eeuw. 
Fryske Akademy, Ljouwert 1996. Akademy-nûmer 825. 253 siden.
Fryske Histoaryske Rige nûmer XIV. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.

Ynformaasje: Afûk

 

 

Mooie woorden

"Te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)