
Het karakter van de protestants-christelijke onderwijsopleidingen in het bijzonder in Friesland 1880-1980
De earste kristlike skoallen waarden tsjin de midden fan de 19de ieu oprjochte. Yn 1834 wie in groep rjochtsinnigen út de Nederlânske Herfoarme Tsjerke stapt, de Ofskiedenen. Hja wiene fan betinken, dat yn de ‘Grutte Tsjerke’ de otterdoksy mar ien fan 'e rjochtingen wie. De mei de skoalwetten fan 1801 oant 1806 foarme iepenbiere legere skoallen koene yn har eagen ek gjin genede fine. Op grûn fan har ynterpretaasje fan 'e doopbelofte woene hja ha dat bern nei eigen, kristlike skoallen gean soene. Troch it otterdokse Reveil waard, benammen nei 1857, ek hieltyd mear oanstien op it oprjochtsjen fan kristlike skoallen. De twadde ôfskieding kaam mei de Doleânsje fan 1886 en doe kamen der skoallen, dy’t sawol it skaaimerk ‘grifformeard’ krigen as ‘kristlik’ en ‘skoallen mei de Bibel’.
Mei’t der foaral nei de midden fan de njoggentjinde ieu hieltyd mear protestantsk-kristlike skoallen kamen, waard lang om let de fraach nei kristlike ûnderwizersopliedingen grutter. Om't de oerheid yn ’t earstoan allinnich iepenbiere opliedingen betelje woe, duorre it oant 1907 ear't der jild foar de earste kristlike kweekskoalle (yn Ljouwert) frijmakke waard. Oant 1923 kamen der noch trije kristlike kweekskoallen yn Fryslân by, yn Snits, Dokkum en nochris ien yn Ljouwert. Fansels kaam de fraach op wat no krekt it ‘kristlike’ oan dy kweekskoallen wie. Gerben E. de Vries hat oer dy matearje in dissertaasje skreaun. It is in mânsk boek wurden, mei 488 siden tekst.
Vries, Gerben E. de, De opleiding van de christelijke onderwijzer. Het karakter van de protestants-christelijke onderwijzersopleidingen, in het bijzonder in Friesland 1880-1980.
Fryske Akademy, Ljouwert 2004. Fryske Histoaryske Rige XIX. Akademy-nûmer 961.
ISBN: 90 6171 961 5. 488 siden. Priis € 35,00 / foar leden en stipers € 33,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
William Shakespeare (1564-1616)