Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

De Vlecke Gorredyck

Om 1630 hinne wurdt de dyk fan It Hearrenfean nei Grins trochgroeven. Der komt in slûs yn de Kompanjonsfeart en dêromhinne groeit de feankoloanje De Gordyk. Fanwegen de strategyske lizzing kaam in skâns om de earste bebouwing hinne. De Gordyk waard yn de folgjende ieuwen in doarp mei alluere: in flek. It boek De Vlecke Gorredyckbeskriuwt de wichtichste aspekten út de skiednis fan de eigensinnige 'keapmansrepublyk'. Saakkundigen - amateurs en professionals - beskriuwe yn beide rykstalen mear as 350 jier skiednis. De eksploitaasje fan it heechfean, de ekonomyske ûntjouwing, de tsjerken, de joadske gemeente, it hûs Schansburg, de arbeidersbeweging, it ûnderwiis en de doarpsfeesten komme dêrby wiidweidich oan 'e oarder.

Yn ferliking mei dit soarte doarpen hat De Gordyk syn feankoloaniale hert it bêst bewarre. Dat nettsjinsteande de libbene saaklike mentaliteit.

Spahr van der Hoek, J.J. en Joh. Frieswijk, De Vlecke Gorredyck. Twadde wersjoene printinge. Fryske Akademy, Ljouwert 2000. Akademy-nûmer 899. 
Rige steds-, doarps- en streekskiednissen 7. ISBN: 90 6171 899 6. 218 siden.  
Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)