
Inventaris der archieven
Yn de wettersteatsskiednis fan Fryslân nimme 'de Fiif Dielen' altiten in wichtich plak yn. Fan 'e Midsieuwen ôf oan 1 jannewaris 1980 hat dy namme ferbûn west mei de Fryske seediken dy't de swierste klappen opheine moasten: de diken tusken Koehoal noard fan Harns en Makkum súdlik dêrfan. Yn 1980 binne de wetterskippen 'Der Vijf Deelen Zeedijken Binnendijks' en 'Der Vijf Deelen Zeedijken Buitendijks' opgien yn it grutte see- en Iselmarkearende wetterskip 'Fryslân'. Tiid om fêst te lizzen wat de beide wetterskippen yn seis ieuwen oan argyfmateriaal sammele hawwe. Da
De histoarikus mr. H.T. Obreen, goed op 'e hichte mei de skiednis fan de seekant, hat dy ynventarisaasje op him nommen en der in skôging oan ferbûn, dy't yn koart bestek de ieuwenlange striid tsjin it wetter werjout.
Obreen, H.T., Der Vijf Deelen Zeedijken. Inventaris van de archieven. Monumenta Frisica 32. Fryske Akademy, Ljouwert 1980. Akademy-nûmer 575. 96 siden.
Priis € 6,50 / foar leden en stipers € 5,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries