Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Een eeuw beroepsonderwijs in Friesland 1863-1968

Yn 1881 iepene yn Ljouwert de earste Fryske ambachtsskoalle de doarren. Fiifentweintich jier letter sette de earste beropsoplieding foar famkes út ein: de Ljouwerter Yndustry- en Húshâldskoalle. Nochris fjouwer jier letter kamen yn Harns en Snits de earste hannelsopliedings. Al dy skoallen foarmen de grûnslach foar de ûntjouwing fan en de trije wichtichste sektoaren fan it beropsûnderwiis yn Fryslân: de technyk, de soarch en de hannel. Yn grutte halen steane dy trije rjochtings model foar de ûntjouwing fan it hiele beropsûnderwiis yn dizze provinsje.

Nei 1968 waard it - troch it ynfieren fan 'e Mammoetwet - folslein werferkavele. Sûnt it begjin fan 'e foarige ieu makke it beropsûnderwiis in flotte ûnjouwing troch. De earste skoallen foar beropsûnderwiis ûntstiene út partikulier inisjatyf. Se krigen lykwols al gau in subsydzje fan 'e oerheid, dy't regels stelde en in hyltiten wichtiger rol yn 'e foarmjouwing fan it ûnderwiis spile. Diskusjes oer wat op skoalle leard wurde moast en wat yn 'e praktyk, de wikselwurking mei de regionale arbeidmerk en it ferlet fan it bedriuwlibben spilen oanhâldend in wichtige rol.

De histoarika Ria van Hemmen wie foar dit ûndersyk ferbûn oan 'e Fryske Akademy. It projekt wie in gearwurking fan 'e Akademy mei it ROC Friesland College.

Hemmen, R. van, Een eeuw beroepsonderwijs in Friesland 1863-1968, Fryske Akademy en ROC Friesland College Ljouwert 2006. Akademy-nûmer 1002. ISBN-10 90 6171 002 2, ISBN-13 978 90 6171 002 8. NUR: 680. 350 siden. Priis € 22,50/ foar leden en stipers € 21,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)