
Dr. J.J. Kalma, emeritus-dûmny fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, hat sûnt 1978 dwaande west mei it besoargjen fan de klassis- en synoadeboeken fan Fryslân. As tsjerkehistoarikus wist Kalma út ûnderfining dat âlde orizjinele hânskriften min tagonklik wiene. Hja wiene meastentiids net maklik te lêzen en ek moasten hja tige foarsichtich behannele wurde. Om no de wittenskippers en alle oaren dy't mei skiednis (bygelyks doarpsskiednis) dwaande binne, te skewielen, fette Kalma it plan op om Fryske tsjerklike akten te publisearjen. Dat hat resultearre yn it publisearjen fan:
Kalma, J.J., Een kerk in opbouw. Classisboek Franeker 1636-1658. Fryske Akademy, Ljouwert, 1983. Akademy-nûmer 623.
ISBN: 90 6171 623 3. 364 siden. Priis € 20,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)