
Dr. J.J. Kalma, emeritus-dûmny fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, hat sûnt 1978 dwaande west mei it besoargjen fan de klassis- en synoadeboeken fan Fryslân. As tsjerkehistoarikus wist Kalma út ûnderfining dat âlde orizjinele hânskriften min tagonklik wiene. Hja wiene meastentiids net maklik te lêzen en ek moasten hja tige foarsichtich behannele wurde. Om no de wittenskippers en alle oaren dy't mei skiednis (bygelyks doarpsskiednis) dwaande binne, te skewielen, fette Kalma it plan op om Fryske tsjerklike akten te publisearjen. Dat hat resultearre yn it publisearjen fan:
Kalma, J.J., Een kerk in opbouw. Classisboek Sneek 1583-1624. Fryske Akademy, Ljouwert, 1978. Akademy-nûmer 533.
ISBN: 90 6171 533 4. 593 siden. Priis € 20,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Alle wittenskip is net mear as in ferfining fan it tinken fan al-den-dei.”
Albert Einstein (1879-1955)