
Eigenerfden in het Groninger Westerkwartier van de vijftiende tot de zeventiende eeuw
[útferkocht]
By it begryp elite út it ferline hawwe wy al gau oanstriid om oan adel, reginten of eventueel keaplju te tinken, mar net gau oan boeren. En as dat al it gefal is, dan komt ús dochs earst de ‘grouwe’ klaaiboer fan ‘e 19de en betide 20ste ieu foar de geast en net de groep minsken dy’t noch by de lette Midsieuwen heart.
Oer in sosjale groep fan frije lânbesitters, dy’t nei 1600 yn koarte tiid frijwol folslein ferdwûn is, de eigenerfden, giet it yn dit boek ‘Een vergeten plattelandselite’. Der is oant hjoed-de-dei mar in bytsje ûndersyk nei dien en dan noch it meast yn Dútslân.
Yn it boek wurdt yngien op geografyske, ekonomyske en polityk-bestjoerlike eftergrûnen; fierder komme de sosjale netwurken - dy’t rûnen oant yn regearingsrûnten fan Grinslân, de libbenswize en de geastlike wrâld fan de eigenerfden oan ‘e oarder.
As lêste wurdt noch stilstien by de oarsaken fan it (hast) út it eachweid ferdwinen fan dy ynteressante sosjale groep yn ‘e tiid om 1600 hinne.
It boek hat foar ‘elck wat wils’, net allinne beropshistoarisy sille der wat fan har gading yn fine, mar oer it generaal elkenien dy’t yn regionale skiednis of genealogy ynteressearre is.
H. Feenstra en H.H. Oudman. Een vergeten plattelandselite. Eigenerfden in het Groninger Westerkwartier van de vijftiende tot de zeventiende eeuw. Fryske Akademy Ljouwert 2004. Akademy-nûmer 948.
ISBN 90 6171 948 8, 566 siden. € 35,00 / foar leden en stipers € 33,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan