Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Frieslands verleden verkend

Problemen, methoden en onderzoek met betrekking tot de Friese geschiedenis na 1750

Dit boek befettet in samling opstellen dy’t allegearre te krijen hawwe mei it tema regionale skiednis. Regionale skiednis wurdt meastal sjoen as it beskriuwen fan de skiednis fan in beskate geografyske ienheid (in doarp, stêd, lânsdouwe) en wol sa dat oan in moai grut oantal aspekten fan sa’n gebiet yn har ûnderlinge ferbûnens omtinken jûn wurdt. Sadwaande wurdt regionale skiednis ek wol sjoen as yntegrale skiednis.

De artikels binne ûnderbrocht yn fjouwer ôfdielings.

Yn de earste ôfdieling ‘Visies, Bronnen en methoden’ wurdt allerearst it sintrale tema fan de bondel, regionale skiednis, fierder útwurke.

Dêrnei wurde de foar it regionaal ûndersyk fan Fryslân beskikbere boarnen wiidweidich oantsjutten en wurdt in foar de regionale skiednis faak brûkte metoade, it fraachpetear, behannele.

Yn de folgjende trije ôfdielings wurdt fan in tal konkrete rinnende ûndersiken yn Fryslân op de mêden politike en sosjale bewegings en sosjale problemen, elite, en religieuze en libbensskôglike feroarings, ferslach dien.

Frieswijk, J.e.a (red.), Frieslands verleden verkend. Problemen, methoden en onderzoek met betrekking tot de Friese geschiedenis na 1750. Fryske Akademy Ljouwert 1987. Akademy-nûmer 668. 
ISBN: 90 6171 668 3. 243 siden. Priis € 12,50 / foar leden en stipers € 10,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Language shapes the way we think, and determines what we can think about.”

“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)