Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Frysk, From en Frij

In oantal aspekten fan Leauwe en Polityk yn Fryslân

By in jubileum fan in wittenskiplik ynstitút heart in kado mei in wittenskiplik karakter. Dat wie alteast it betinken fan de wittenskiplike stêf fan de Fryske Akademy. Dizze bondel is it geskink dat by it fyftichjierrich bestean fan dy Fryske Akademy oan bestjoer, leden en stipers oanbean is, troch leden út dy stêf en troch wurkferbannen dy't har yn Akademy-fermidden dwaande hâlde mei de skiednis of de sosjale wittenskippen.

De redaksje, dêr't wittenskiplik direkteur L.G. Jansma de foarsitter fan wie, hat besocht in kar út de measte perioaden dêr't it Akademy-ûndersyk har op rjochtet, te presintearjen. De earste bydrage begjint dan ek yn de tolfde ieu, de lêste twa besprekke ûndersyk út 1987. It resultaat fan it krewearjen fan redaksje en skriuwers koe fierders ûnder ien tema brocht wurde, L.G. Jansma giet dêr yn de Ynlieding op yn.

Dêrnei besprekt J.A. Mol de bestjoerlike problemen tusken de lieding fan de Dútske Oarder en har kleaster yn Nes.

H. Oldenhof behannelet de 'brede maatskiplike diskusje' dy't yn Fryslân fierd is oangeande de fraach oft de Religyfrede (1578) al of net oannommen wurde moast.

Mei de bydrage fan W. Bergsma stapt de bondel de santjinde ieu yn. Hy giet oan de hân fan de kasus Snits yn op it ûnderskied tusken leafhawwers en lidmaten; it hâlden en dragen fan de Snitsers spilet dêrby in grutte rol.

J. van Sluis hat it oer de reboelje dy't ûntstie doe't professor H. A. Röell fan de Frjentsjerter Akademy ein santjinde ieu stellingen ferkundige, dy't neffens guon tsjerklike oerheden net rjochtsinnich genôch wienen. It docht bliken dat de rol fan de 'wrâldske' oerheid yn dy skelen fan beskiedend belang is.

It artikel fan J. Frieswijk is in earste stap by it ûndersyk nei de emansipaasje fan de Fryske arbeiders oan de ein fan de foarige en it begjin fan dizze ieu. Hy ûnderskiedt in 'fine' en in 'reade' emansipaasje en giet yn op de relaasjes tusken dy beiden.

G. Blom lit yn details sjen hoe fier't de ferpyldering yn de perioade 1920-1960 trochkringe koe. Syn stúdzje oer de katolike fuotbalferienings yn ús provinsje smyt net allinnich nijsgjirrich Frysk materiaal op, mar giet ek yn op de teoryen dy't der oangeande de ferpyldering op nasjonaal nivo binne.

L.G. Jansma presintearret gegevens oangeande 'it leauwen' yn in doarp yn Fryslân; hy hâldt him foaral dwaande mei de metodologyske fragen dy't mei it moderne godstsjinstsosjologyske ûndersyk anneks binne.

De bydrage fan D. Gorter yntrodusearret ta einbeslút it tema 'Frysk' yn de bondel. Hy lit sjen hoe't de ynwenners fan Fryslân tinke oer it plak dat har taal, it Frysk, yn de tsjerke hawwe moatte soe.

De bondel jout in byld fan de ûndersykswurksumheden fan stêf en wurkferbannen. It giet by de measte bydragen lykwols om rinnend ûndersyk, dat it boek hâldt ek in ûthjit yn foar de folgjende, sis mar, fyftich jier fan de Fryske Akademy.

Bergsma, W. e.o., Frysk, From en Frij. Utjûn by gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan de Fryske Akademy. Fryske Akademy Ljouwert 1988. Akademy-nûmer 691. ISBN: 90 6171 691 8. 276 siden. 
Priis € 20,50 / foar leden en stipers € 18,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Language shapes the way we think, and determines what we can think about.”

“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt wêr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)