Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Fryslân yn Noorderbreedte. In bibliografy oer de perioade 1977-1991

By de ôfdieling regionaal undersyk fan de Fryske Akademy wie ferlet fan in oersjoch fan artikels oer de provinsje Fryslân yn it moanneblêd Noorderbreedte. Dat tydskrift ferskynt sûnt 1977 en jout ynformaasje oer natuer, miljeu en lânskip fan de trije noardlike provinsjes. Sykjend nei sokke artikels komt men sawol bydragen tsjin dy't alhiel oer in spesifyk ûnderwerp yn Fryslân geane as stikken dêr't mar foar in part, as ûnderdiel fan in wider omfiemjend tema of gehiel, eat oer Fryslân yn oan 'e oarder komt. Om opnommen te wurden yn de bibliografy, is as kritearium oanhâlden dat it artikel op syn minst substansjele ynformaasje oer Fryslân befetsje moat. Artikels dêr't allinnich mar in koarte ferwizing nei in foarbyld yn Fryslân yn foarkomt, binne dus net opnommen.

De artikels yn de bibliografy binne alfabetysk oardere neffens skriuwer. Nei twadde of eventueel tredde skriuwers wurdt ferwiisd. As der mear as ien bydrage fan deselde skriuwer foarkomt, binne dy artikels gronologysk oardere. Wêr nedich binne foar de dúdlikens koarte omskriuwings oangeande de ynhâld tafoege. Sjoen it karakter fan de artikels yn Noorderbreedte is besletten de artikels net tematysk te oarderjen, mar te ûntsluten mei help fan in register fan trefwurden út de titels. De nûmers yn dat register ferwize nei it oanbelangjend artikel. Om't de skriuwers alfabetysk oardere binne, is ôfsjoen fan in nammeregister neffens skriuwer.

Meer, P.L.G. van der, J.H.P. van der Vaart en Bauke van der Veen, Fryslân yn Noorderbreedte. In bibliografy oer de perioade 1977-1991. Friesland in Noorderbreedte. Een bibliografie over de periode 1977-1991. Fryske Akademy, Ljouwert 1992. 27 siden. Priis 3,00 / foar leden en stipers € 2,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"Te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)