[útferkocht]
Wurk op en om de boerepleats
De film Hânwurk by it buorkjen fan it Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy past alhiel yn de tradysje fan de beide Akademy-publikaasjesAld ark fan Albert Mulder en Bylden fan it greidebedriuw yn Fryslân om 1918 hinne fan Klaas Uilkema. De boeken fan Mulder en Uilkema beljochten en beskreaunen it hânwurk op űnderskate terreinen.
De film lit bylden sjen fan it wurk op en om de boerepleats yn Fryslân.
Yn guon gefallen is gebrűk makke fan antyk filmmateriaal út de tiid om 1920 hinne; fan oar wurk binne nije opnamen makke. Yn ynterviews jouwe âld-arbeiders kommentaar by de bylden. De film besiket in byld te jaan fan de arbeidsyntinsiviteit fan it boerewurk yn earder tiden.

Trije dielen
In projektgroepke besteande út Hindrik Bakker fan Boalsert, Reinder Politiek fan Kimswert en Jan Bijlsma fan Stiens naam de begelieding op him. Hja hawwe letter ek de filmer Wiebe Hoekstra fan Hoogeveen begelaat, doe't it oankaam op it meitsjen fan in karút út al it materiaal. It is úteinlik in dokumintęrefilm yn trije dielen wurden:
De teksten binne yn it Frysk ynsprutsen troch Rein Tolsma; de films binne űndertitele yn it Nederlânsk.
De film is te keap, foar de tige oantreklike priis fan 16 euro.
Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)