Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Haskerlān, in tal bydragen ta de skiednis

Haskerlān is ien fan de gemeenten dy't by de gemeentlike weryndieling fan 1983 fan de kaart rekke is. Sūnt dy tiid foarmet it grūngebiet fan dy eardere gemeente mei it grūngebiet fan it ek al eardere Doanjewerstal en in part fan de ālde gemeente Utingeradiel, de nije gemeente Skarsterlān.

De gritenij Haskerlān of Haskerfiifgea ūntstie yn de 15de ieu as in gearwurkingsferbān tusken de fiif tsjerkedoarpen Aldehaske, Haskerhoarne, Nijehaske, Westermar en Sniksweach. Justjes letter waarden ek De Jouwer en Haskerdiken as doarpen meirekkene. Yn 1934, doe't de gemeente Hearrenfean ta stān kaam, waard Haskerlān śtwreide mei it westlik part fan Skoatterlān: Rotsterhaule, St. Jansgea, Reahel, Rotstergaast en Dolsterhuzen.

Fanālds wie yn Haskerlān de lānbou it wichtichste middel fan bestean; allinne yn it grutste plak, De Jouwer, en yn Nijehaske, no part fan It Hearrenfean, wennen in soad ambachtslju, keaplju en skippers. Troch it ferfeantsjen fan it leechfean en it letter droechmeitsjen fan de grutte wetterplassen dy't troch dat ferfeantsjen ūntstien wiene, is it lānskip fan Haskerlān yn 'e rin fan de 18de en 'e 19de ieu gāns feroare.

Yn dit boek - ien fan de grutste gemeenteskiednissen dy't oan no ta yn Fryslan śtjūn is - behannelje alve auteurs oan 'e han fan in soad net earder brūkt argyfmateriaal, yn fjirtjin bydragen in tal wichtige en nijsgjirrige aspekten fan de skiednis fan Haskerlān.

Gildemacher, K.F., L.G. Jansma en H. Spanninga (red). Haskerlān. In tal bydragen ta de skiednis. Fryske Akademy Ljouwert 1990. Akademy-nūmer 726. ISBN: 90 6171 726 4. Rige stźds-, doarps- en streekskiednissen nūmer 3. 479 siden. Priis € 18,00 / foar leden en stipers € 16,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"Moarns let, de hiele dei let"

de morgenstond heeft goud in de mond