Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Herman Alexander Roëll

Herman Alexander Röell (1653-1718), heechlearaar yn 'e teology te Frjentsjer en Utert, wie sûnder mis ien fan de meast kontroversjele Nederlânske teologen fan syn tiid.

Syn tinkbylden wiene basearre op in rasjonalisme nei Kartesiaansk model. Se waarden al gau feroardiele troch tal fan synoaden fan de grifformearde tsjerke en de hiele achttjinde ieu troch waard warskôge tsjin 'it fielen fan de hear Professor Röell'. Nettsjinsteande dy feroardieling troch de offisjele tsjerke, koe Röell syn professoraat gewoan útoefenje.

Yn dit proefskrift beskriuwt Van Sluis libben en lear fan Röell en giet er wiidweidich yn op de tsjerkrjochtlike aspekten fan de 'saak Röell'.

Sluis, J. van, Herman Alexander Roëll. Fryske Akademy Ljouwert, 1988 Akademy-nûmer 696. 
ISBN: 90 6171 696 9. Fryske Histoaryske Rige nûmer 4. 258 siden. 
Priis € 22,50 / foar leden en stipers € 20,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)