Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Hessel Vegilin van Claerbergen. Mémoires

[Grutste part fan it boek is yn it Frânsk]

Hessel Vegilin van Claerbergen (1723-1750) stamt út in treftige aadlike famylje, dy’t sit hie yn Heremastate op 'e Jouwer. Fan 'e lette 17de ieu ôf wie de grytman fan Haskerlân in telch fan dy famylje en ek Hessel hie fan 1749 ôf oant syn betide dea, in skoftsje dy funksje. Fan febrewaris 1746 ôf oant juny 1749 hâldt er in wiidweidich deiboek by, skreaun yn it Frânsk en troch himsels oantsjut as ‘l’histoire de ma vie’ en as ‘memoires’. Hy is opmerklik iepenhertich. In soad egodokuminten út dy tiid biede net mear as in opsomming fan faak bysûndere barrens, bedoeld as ezelsbrechje foar eigen gebrûk.

Mar Hessel fertelt ek oer it deistich libben fan 'e politike elite doe en hy giet wiidweidich yn op syn inerlike gefoelens, bygelyks oer de religy en fan syn groeiende leafde foar syn lettere frou. It boek jout sadwaande ynsjoch yn in sosjale laach en yn in priveelibben yn it midden fan de 18de ieu.

Lykwols ek foar de politike skiednis fan Fryslân is it in wichtige boarne. It jier 1748 wie in rûzich jier. Nei in folksopstân, oer it hiele lân ferspraat en yn Fryslân oanfierd troch de saneamde Doelisten (neamd nei har gearkomsteplak yn Ljouwert), krijt de steedhâlder prins Willem IV grutte folmachten te’n koste fan 'e adel. Hessel beskriuwt dy foarfallen saaklik en sûnder kommentaar, blykber yn it besef dat de machtsposysje fan syn eigen famylje net oantaast wurdt.

It iennichst oerlevere hanskrift fan de ‘Memoires’ is yn it famylje-argyf Van Sminia (Tresoar). Foar it earst wurdt dy weardefolle boarne útjûn, foarsjoen fan in persoaneregister. Foarôf giet in ynlieding, sawol yn it Frânsk as yn it Frysk.

Van Sluis, J., Hessel Vegilin van Claerbergen. Mémoires. Texte établi et annoté par Jacob van Sluis avec la collaboration de Gerrit van der Meer. Fryske Akademy Ljouwert 2004. Akademy-nûmer 968. ISBN 90 6171 968 2. 273 siden. Priis € 15,00/ foar leden en stipers € 13,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"Te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach"

William Shakespeare (1564-1616)