
Politike en militêre ûntjouwings hawwe yn 1579 en 1580 in grutte en beskiedende ynfloed hân op it tsjerklik libben yn Fryslân.
De omkear yn 1580 (de roomske tsjerken en kleasters waarden yn beslach nommen troch de protestanten) late ta de ordonnânsje fan Prins Willem fan Oranje dat de 'ghereformeerde religie' de iennichste wie dy't tastien waard.
Yn Fryslân kamen fiif 'classes': Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer, Boalsert en Snits; letter kaam dêr Sânwâlden noch by. Amperoan alle akten fan dy kolleezjes fan foar de santjinde ieu binne weiwurden, mei ien útsûndering: Snits (sûnt 1583).
Sadwaande binne de Snitser stikken, mei de synodale akten út de tiid fan foar 1600 in tige wichtige boarne foar de tsjerkeskiednis fan de sechtjinde ieu.
De Beer beskriuwt yn dit boekje de skiednis fan de klassis yn twa haadstikken: 1583 oant 1816 (algemien reglemint: de skieding tusken steat en tsjerke) en 1816 oant 1951. De ynventaris, ek splitst neffens dy tiidrekken, befettet stikken oer algemiene saken, de organisaasje en de taken fan de klassis. Yn de bylagen wurde inkele saken, bygelyks de grinzen fan klassis en ringen neier taljochte.
Beer, R. de, Het archief van de Hervormde Classis van Sneek 1583-1951. Monumenta Frisica 23. Fryske Argyfrige. Fryske Akademy Ljouwert 1976. Akademy-nûmer 501. 57 siden. Priis € 4,00 / foar leden en stipers € 3,00
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
de morgenstond heeft goud in de mond