Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

CD mei databestân by it boek Het geleerde Friesland

Cd mei databestân mei alle biografyske gegevens fan alle 6600 studinten, harren oplieding en karriêre 
by it boek: Het geleerde Friesland - een mythe? 
Universiteit en maatschappij in Friesland en Stad en Lande ca. 1380-1650

[It boek is útferkocht]

Zijlstra syn stúdzje is basearre op sa'n 6600 Friezen en Ommelanners dy't oan in universiteit studearre ha of dy't in peregrinatio academica makke hawwe, in stúdzjereis by ferskate universiteiten lâns.

De ûndersiker hat alle printe matrikels, de ynskriuwregisters fan de universiteiten, trochwurke. Zijlstra besiket oan te toanen dat Fryslân net mear studinten yn 'e perioade 1380-1650 opsmiten hat as oare gewesten, lykas Flaanderen, Brabant en Hollân. Zijlstra beskriuwt fierders de oplieding en de karriêre fan de geastliken, de juristen, de dokters, de offisiers yn it leger, de matematisy en de akademisy dy't yn it ûnderwiis, bygelyks de Latynske skoallen, bedarre binne.

As taheakke by de stúdzje wie de database opnommen op floppy mei alle biografyske gegevens fan alle 6600 studinten, harren oplieding en karriêre. No binne dy bibliografyske gegeven op in cd setten.

Cd mei databestân mei dêrop alle biografyske gegevens fan alle 6600 studinten, harren oplieding en karriêre by it boek: Zijlstra, S., Het geleerde Friesland - een mythe? Universiteit en maatschappij in Friesland en Stad en Lande ca. 1380-1650. (Fryske Akademy, Ljouwert 1996).  Priis €  12,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan