Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Het Oera Linda-boek

Facsimile's, transcriptie en vertaling

It Oera Linda-boek is ien fan de meast yntrigearjende mystifikaasjes út de Nederlânske literatuerskiednis. It hânskrift kaam boppe wetter yn 1867 as famyljestik by in skipstimmerbaas yn Den Helder en it beskriuwt de skiednis fan in millennia-âlde, moreel heechsteande Fryske maatskippij dêr’t de hiele West-Europeeske beskaving út fuortkommen is. Yn 1872 waard it manuskript útjûn troch de Ljouwerter konrektor en klassikus Jan Gerhardus Ottema, dy’t it foar wier oannaam. Sûnt dy tiid hat it boek hyltiten ûnderwerp west fan diskusjes: Wie it wier? Wat wie it? Wa wie de skriuwer?

Yn dizze alhiel nije, wittenskiplik ferantwurde edysje fan it oarspronklike hânskrift binne efterinoar opnommen: nea earder publisearre faksimilee’s fan ‘e tekst, in fernijde, ferantwurde transkripsje en in allyksa ferantwurde nije oersetting.

Yn syn ynlieding sketst Goffe Jensma, dy’t okkerdeis op in stúdzje fan it Oera Linda-boek promovearre is, in byld fan it ûntstean fan 'e skiednis.

Het Oera Linda-boek. Facsimile’s, transcriptie en vertaling door Goffe Jensma. Uitgeverij Verloren Hilversum 2006. Idunarige nûmer 10, Akademy-nûmer  988. ISBN: 90 6550 841 4. 416 siden ynbûn en yllustrearre. Priis € 28,00 / foar leden en stipers € 26,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

"bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries"

boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries