Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Het recht van een vrije Friese stad. De stadboeken van Bolsward (1455-1479)

Dit jier bestiet it stedsrjocht fan Boalsert 550 jier. Yn 1455 waarden yn in ‘stadboek’ mear as hűndert keuren optekene dy't oer frijwol alle fasetten fan 'e stedsmaatskippij geane: fan foarskriften foar de ferkiezing fan skepenen oant maatregels tsjin it dobbelspul. Dęrmei makke Boalsert him definityf los fan it plattelân en waard in autonome stęd.

Vincent Robijn beskriuwt it űntstean en it karakter fan it stedsrjocht fan Boalsert. Hy analysearret de ynfloed fan it űntbrekken fan lânshearlik gesach yn midsieusk Fryslân op 'et juridyske eftergrűn en de ynhâld fan it stedsrjocht en jout omtinken oan 'e belutsenheid fan 'e bekende pater Brugman by it ta stân kommen dęrfan. Hy lit ek sjen wat de rjochtsbepalings fertelle oer konfliktbehearsking en omgongsfoarmen yn letmidsieusk Boalsert.

As taheakke wurde in folsleine edysje fan it ‘stadboek’ fan 1455 en de ferzje fan 1479, dy't op 'e nij besjoen is, tafoege.

Robijn, Vincent, Het recht van een Friese stad De stadboeken van Bolsward (1455-1479)
Serie: Middeleeuwse Studies en Bronnen 87, Verloren Hilversum yn gearwurking mei de Fryske Akademy Ljouwert. Bynwize: ynnaaid. ISBN 90-6550-877-5. Nur: 680. Akademy-nűmer 981. 164 siden. 
Priis: € 16,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"As it net sile wol, moat men lavearje"

Als men niet kan zeilen moet men laveren