
Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw
Koartom, yn it hiele hûs fan Salverda koe nin blyn hynzer hwat bedjerre. Mûlk wie in read brievetaske, dêr er syn ferskes yn droech, it iennichste dêr in swym fan oarder yn wie. [...]
Tsjin syn dochter Tiete sei er altyd:
"As ik stjer moatstou dy brievetask foar dy nimme". Sa gau as de siken der út wiene, socht hja yn de jas dy’t er by gebrek fan in wrine yn de lêste dagen oer him krige; dêr is er mûlk út rekke en mei de fûlens en ûntelbere flieën fan syn bêd yn de dongbult smiten.’
Jensma syn boek, bekroand mei de Halbertsmapriis 2001, giet oer de oarsprong fan it hjoeddeiske byld fan Fryslân. De skriuwer traseart dy yn ’e rûnten fan njoggentjinde-ieuske Fryske intellektuelen, dy’t skerp reagearren op ’e hieltyd fierder trochgeande modernisearring en ienwurding fan ’e Nederlânske maatskippij. Hja tekenen it byld fan Fryslân as plattelânsprovinsje by útstek, as lêste skûlplak fan poëzy en fan autentisiteit en as ‘oer'.
Troch harren waard ‘Fryslân’ ta in langstme nei eardere, bettere tiden en ta eat dat lykas it reade taske fan Salverda op ’e dongbult fan ’e skiednis drige wei te wurden.
Jensma, G., Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw. Fryske Akademy, Ljouwert 1998. Fryske Histoaryske Rige XVI. Akademy-nûmer 852.
ISBN 90 6171 852 X. 316 siden, naaid, paperback. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 14,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
William Shakespeare (1564-1616)