
In tal aspekten fan de skiednis fan in eardere gritenij
Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde is in űnderhâldend en flot lęsber skiednisferhaal fan de eardere gritenij Himmelumer Aldefurd, sa't dy oant 1984 ta bestien hat. It binne skiednisfragminten, opdield yn twa dielen:
- in algemien diel mei in grut ferskaat oan tema's, b.g. geology, argeology, kleasters fan Himmelum en Starum, Skier en Fet, de Herfoarming, kriich tsjin it wetter, polityk, ekonomy, taal, klaaiďng, de wenkultuer, tsjoenderij, feanterij en de twadde wrâldoarloch.
- in doarpepart dęr't de ôfsűnderlike doarpen oan bod komme; fakentiid giet it dan om in tal nijsgjirrige saken oer dy doarpen (wichtige persoanen, nuvere feiten en fiten, stinzen, dűmny's ensfh.).
Yn folchoarder fan foarkommen wurde yn it boek behannele: Himmelum, Ealahuzen, Nijegea, Aldegea-Kolderwâlde, Koudum, Warns, Skarl, Laaksum en Molkwar.
Abma, dr. G., Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde. Fryske Akademy, Ljouwert 1992.
Akademy-nűmer 753. ISBN 90 6171 753 1. Rige stęds-, doarps- en streekskiednissen nűmer 5.
Priis € 18,00 / foar leden en stipers € 16,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Skiednis is de tsjűge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it űnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)