Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Index op de besluiten van het Departementaal Bestuur van de Eems, voor zoveel Friesland betreft, 1799-1802

It Departement van de Eems, by kêst 3 fan de Steatsregeling fan 1798 ynsteld, omfieme fan Fryslân it part noardwest fan 'e Boarn, de Snitsermar, de Hegermar en de Fluessen, de hiele hjoeddeiske provinsje Grins en fan Drinte de gemeenten Eelde, Peize en Roden mei Roderwolde; fan dat departemint wie Ljouwert it haadplak.

Alle departeminten wiene opdield yn ringen en gemeenten en dy wer yn grûngearkomsten. Dy lêstneamde ferdielings binne fêststeld, mar hawwe praktysk allinne foar de ferkiezings betsjutting hân; yn 'e praktyk bleaunen yn Fryslân de âlde gritenijen en stêden, mei oare nammen fansels, yn stân.

Neidat de argiven better tagonklik makke binne, moast ek de yndisearring oan it ferlet fan 'e brûkers oanpast wurde. Dêrta binne alle besluten dy't Fryske saken oanbelangje yndisearre, mei it weilitten fan 'e provinsje Grins en fan de Drintse gemeenten Eelde, Peize en Roden.

It Departement van de Eems is, lykas de oare departemintale bestjoeren, neffens de Staatsregeling fan 1801 ferfongen troch it Departement Friesland, dat yn 1802 reglemintearre waard.

Fockema Andreae, S.J., Index op besluiten van het Departementaal Bestuur van Eems, voor zoveel Friesland betreft, 1799-1802. Monumenta Frisica 12, Fryske Argyfrige. Fryske Akademy Ljouwert 1968. Akademy-nûmer 321. 41 siden. Priis € 1,50 / foar leden en stipers € 1,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“The most exciting phrase to hear in science, the one that heralds the most discoveries, is not ‘Eureka!’ (I found it!) but ‘That's funny...’”

“De spannendste opmerking yn 'e wittenskip, by de measte ûntdekkingen, is net 'Eureka!', mar 'Dat is apart ...'. “ Isaac Asimov (1920-1992)