Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Index op de besluiten van het Departementaal Bestuur van Friesland onder Koning Lodewijk

De bewurker woe de perioade doe't it kollegiale departementale bestjoer noch ûnder Kening Lodewijk bestie, net ferienigje mei de perioade fan it ienhadige Landdrost-amt, fan de lêstneamde datum ôf oant de ynliving fan ús lân by Frankryk yn 1810.

Ut de earstbedoelde perioade binne der trije dielen resolúsjes: nû. 311, fan 1 july 1806 oant en mei 30 septimber fan dat jier; nû. 312, fan 1 oktober 1806 o/m 31 desimber 1806; nû. 313, fan 2 jannewaris o/m 31 maart 1807, dus alle kearen in fearnsjier, mei-inoar trije.

De skreaune yndeks út 'e tiid sels brûkt hyltiten mar ien trefwurd, wylst dizze yndeks der yn 'e regel mear as ien, meast twa, brûkt; dêrtroch is dizze yndeks better brûkber as de âlde. De bewurker hopet troch dit helpmiddel de argivalyske boarnen út dit tiidrek better tagonklik makke te hawwen.

Fockema Andreae, S.J., Index op de besluiten van het Departementaal Bestuur van Friesland onder Koning Lodewijk, 1 juli 1806-31 maart 1807. Monumenta Frisica 18, Fryske Argyfrige. 
Fryske Akademy Ljouwert 1970. Akademy-nûmer 389. 31 siden. Priis € 1,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)