Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Inventaris van de archieven der Hervormde Gemeente Drachten 1667-1951

De gearstaller hat net allinne de 322 stikken dy't yn it argyf (1667-1951) te finen binne, sammele en oardere, mar jout ek in oersjoch fan de skiednis fan de Herfoarme gemeente te Drachten. Drachten waard fan 1601 oant 1667 'bepreke' fan Boarnburgum út.

Yn 1667 wie it troch de feanterij (sûnt 1641) sa'n grut doarp wurden, dat in dûmny beroppen wurde koe. Yn 1858 krige Drachten syn twadde dûmnysplak. Dêr kaam noch in foargonger foar de Drachtster Kompenije by (sûnt 1906 bestiet dêr in selsstannige gemeente). Frou Bouma hat neigien hoe't de dûmny's beroppen waarden, de rjochtingen dy't der wiene, wat de diakens en tsjerkfâden diene en hoe't it tsjerkebesit beheard waard.

As bylage hat se in list fan dûmny's opnommen (1667-1973), in foto mei beskriuwing fan de klok (1746) dy't de Dútskers meinommen hawwe en in kaart (Eekhof 1848) fan it gebiet.

It boekje jout in koarte beskriuwing fan de stikken fan de tsjerkerie, de diakens, de tsjerkefâden, de pastoralia, de floreenplichtigen, it karkolleezje, de notabelen, de VVH, de frijsinnige Sneinsskoalle en de VCJC.

Bouma, R. Inventaris van de archieven der Hervormde gemeente Drachten 1667-1951. 
Monumenta Frisica 24, Fryske Argyfrige. Fryske Akademy Ljouwert 1977. Akademy-nûmer 515. 52 siden. 
Priis € 4,00 / foar leden en stipers € 3,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)