Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Inventaris van de archieven van de Gereformeerde kerk van Heerenveen, 1851-1958 en van de klassis Sneek van de Gereformeerde kerken in Nederland, 1837-1958

Dizze publikaasje befettet mear as in opsomming fan wat der yn de âlde papieren fan de Feanster tsjerke en de klassis Snits te finen is. De gearstaller, de hear S. de Haan fan Tresoar te Ljouwert, jout earst in skôging oer de eftergrűnen fan de Ofskieding yn 1834, doe't de Kristlik Grifformearde tsjerke űntstie en oer de Doleânsje yn 1886, doe't de 'Nederduitsch Gereformeerde Kerken' der kamen. De argyfstikken binne sa oardere, dat men in oersjoch kriget fan alles wat der yn beskreaun is en yn Tresoar fierder útpluze wurde kin:

  • gegevens oangeande de tsjerkerie,
  • diakonije,
  • dűmnys,
  • eigendommen,
  • sinding,
  • gebou en oargel fan It fean;
  • stikken oer dűmny's,
  • konsulinten,
  • grinzen,
  • helpferliening,
  • evangelisaasje,
  • űnderwiis ensafh.

yn de klassis Snits, dęrby ynbegrepen de stikken fan de klasses fan de Kristlike Grifformeerde tsjerke fan 1837-1892 en fan de 'Nederduitsch Gereformeerde Kerken' fan 1887-1892.

Haan, S. de, Inventaris van de archieven van de Gereformeerde kerk van Heerenveen 1851-1958 en van de klassis Sneek van de Gereformeerde kerken in Nederland 1837-1958. Monumenta Frisica 34. Fryske Akademy, Ljouwert 1980. Akademy-nűmer 582. 93 siden. 
Priis € 4,50 / foar leden en stipers € 4,00
.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“Equipped with his five senses, man explores the universe around him and calls the adventure Science.”

“Mei syn fiif sintugen ferkent de minske de wrâld om him hinne en neamt dat aventoer Wittenskip.” Edwin Powell Hubble (1889-1953)