

Fryslân hie al in finzenis yn 1598: doe waard yn it eardere kleaster fan de Skiere Beginen te Ljouwert in stedstichthűs ynrjochte, dat yn 1609 it lânskipstichthűs foar hiel Fryslân waard.
Fan 1615 oant 1654 wie it gefang sletten; yn 1661 kaam der in nije ynrjochting efter it âlde Blokhús. In finzenis mei in frijwat roerige skiednis; űntflechtsjen, útbrekken en brânstifterij.
Snits hat yn 1746 in 'spinhűs' krigen, mar lang hat dat gjin tsjinst dien; yn 1811 waard de Lytse Tsjerke ynrjochte as finzenis.
Yn itselde jier krige It Hearrenfean syn gefang yn it hűs oan de Mounewyk. De tichthuzen te Snits en op it Fean binne yn 1922 en 1923 opheven.
It is de fertsjinste fan de gearstaller fan dit boekje, dat hy de skiednis fan de Fryske tichthuzen yn grutte halen beskreaun hat. Wa't fierder sneupe wol, hat hâldfęst oan de literatueropjefte yn dit boekje.
Yn de ynventarisaasje fan de argiven fan 1812 oant 1953 binne gjin nammen te finen fan lju dy't in skoft űnder de blauwe pannen sitten hawwe.
Oanjűn wurdt allinne hokker stikken yn it Ryksargyf te Ljouwert oanwęzich binne: oer it bestjoer, it personeel, de finzenen en gebouwen, ynklusyf de kampen foar politike delinkwinten yn de Arendstún en op it fleanfjild te Ljouwert.
Haan, S. de, Inventaris van de archieven van de instellingen van het gevangeniswezen in Leeuwarden, Heerenveen en Sneek 1812-1953. Monumenta Frisica 27, Fryske Argyfrige. Fryske Akademy Ljouwert 1978. Akademy-nűmer 549. 63 siden. Priis € 4,00 / foar leden en stipers € 3,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Taal jout foarm oan hoe't wy tinke, en bepaalt węr't wy oan tinke kinne.”
Benjamin Lee Whorf (1897-1941)