
Fryslân 500 jier yn it argyf 1500 meter argyfstikken ynventarisearre
Sûnt 1498 is der provinsjaal bestjoer yn Fryslân. De argiven fan de ûnderskate ynstellings dy't de ôfrûne ieuwen dat bestjoer foarme hawwe, binne allegearre ûnderbrocht by it Ryksargyf yn Ljouwert.
De kolleksje mei mei rjocht de rêchbonke fan it Ryksargyf neamd wurde. Mei de publikaasje fan de oanbelangjende argyfynventaris is in histoaryske boarne tagonklik makke.
It wurk fan Provinsjale Steaten, Deputearre Steaten en sûnt 1813 ek dat fan de Kommissaris fan de Keninginne, mar ek it wurk fan harren foargongers leit fêst op papier en is opslein yn it Ryksargyf.
It binne de bestjoeren fan de Bataafske en Frânske Tiid (1795-1813), de soevereine Steaten fan Fryslân yn de Republyk de Feriene Nederlannen (1580-1795), de bestjoeren út de tiid fan Karel V en Filips II (1515-1580) en as lêste dy út de tiid fan Albrecht fan Saksen en syn soannen (1498-1515).
It Ryksargyf hat de ynventarisaasje no klear: 30.000 argyfstikken - op 1500 strekkende meter opslein - binne nûmere en beskreaun. It binne allerhande soarten fan argyfstikken: resolúsjeboeken, dosjees, ynstruksjes, kohieren en oare soarten fan argivalia.
Guon bûtenlânske argiven dy't materiaal befetsje oangeande it bestjoer fan Fryslân, binne fia mikrofilms dochs yn Ljouwert beskikber en binne ek yn de ynventarisaasje meinommen. It giet hjir bygelyks om stikken út it Sächsisches Hauptstaatsarchiv yn Dresden en út it Algemeen Rijksargief yn Brussel.
De ynventarissen binne fêstlein yn njoggen dielen yn de rige Monumenta Frisica fan de Fryske Akademy mei as haadtitel Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961.
1. Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Microfiches van stukken betreffende het bestuur van Friesland 1498-1515 (orizjinelen in Dresden en Wenen). Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 59. Akademy-nûmer 861, ISBN 90 6171 861 9. 189 siden, paperback. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 13,50.
2. Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Microfiches van stukken betreffende het bestuur van Friesland (orizjinelen in Brussel). Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 53. Akademy-nûmer 862, ISBN 90 6171 862 7. 580 siden, paperback. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 13,50.
3. Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Bestuursinstellingen 1580-1795. Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 56. Akademy-nûmer 863, ISBN 90 6171 863 5. 462 siden, paperback. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 13,50.
4. (I) Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Bestuursinstellingen 1795-1813, deel I. Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 46 (twadde printinge). Akademy-nûmer 864, ISBN 90 6171 864 3. 266 siden (heart by 5).
5. (II) Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Bestuursinstellingen 1795-1813, deel II. Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 47 (twadde printinge). Akademy-nûmer 865, ISBN 90 6171 865 1. 281 siden, paperback. Priis € 32,00 / foar leden en stipers € 27,00.
6. (I) Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Provinciaal Bestuur 1813-1918 (1922), deel I. Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 54. Akademy-nûmer 866, ISBN 90 6171 866 X. 500 siden, paperback (heart by 7).
7. (II) Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Provinciaal Bestuur 1813-1918 (1922), deel II. Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 55. Akademy-nûmer 867, ISBN 90 6171 867 8. 261 siden, paperback. Priis € 32,00 / foar leden en stipers € 27,00.
8. Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Provinciale en Gedeputeerde Staten 1919-1961. Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 58, Akademy-nûmer 868, ISBN 90 6171 868 6. 472 siden, paperback. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 13,50.
9. Inventarissen van de archieven van gewestelijke bestuursinstellingen van Friesland 1498-1961. Commissaris der Koningin 1923-1961. Fryske Argyfrige: Monumenta Frisica 57. Akademy-nûmer 869, ISBN 90 6171 869 4. 190 siden, paperback. Priis € 16,00 / foar leden en stipers € 13,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
William Shakespeare (1564-1616)