
Dit is gjin boek dat yn ien siken útlêzen wurde sil. It is in tekstútjefte dy't eins allinnich mar nammen en getallen befettet yn fêste, formule-eftige beskriuwingen, dy't jin suver de geslachtsregisters út de Bibel yn 't sin bringe.
Opsommingen mei hast in ritueel karakter, droech en dreech om trochhinne te kommen, alhoewol't se foar de leafhawwer grif in beskate bekoaring hawwe sille.
Hoewol't der gjin bekende nammen fan aartsfaders en keningen yn fûn wurde, sil de lêzer dochs nei wat sykjen in pear bekende 16de-ieuske Friezen tsjinkomme, lykas Petrus fan Thabor, master Hemma Oddazin en Syds Tjaarda.
Mar dêryn leit net de wearde fan dit wurk. It giet om de besitsferdieling, en dêrmei om de machtsferhâldings, yn de earste helte fan de 16de ieu, dy't hjiryn foar in part neigien wurde kinne. En dat foar in gritenij dy't de 'meest aanzienlijke' fan Fryslân hjitte te wêzen.
Mol, J.A., Leuwerderadeels aenbrengh gemaect int jaer 1540. Fryske Akademy, Ljouwert 1989. Boarnerige 2. Akademy-nûmer 707. ISBN: 90 6171 707 8. 267 siden. Priis € 13,50 / foar leden en stipers € 12,50.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)