Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Libben en wurk fan Aegidius Radaeus

de earste printer fan de akademy te Frjentsjer

Aegidius Radaeus of Gillis van den Rade wie de earste printer fan de yn 1585 oprjochte akademy te Frjentsjer. Hy hie in bloeiend bedriuw hân yn Antwerpen oant yn 1585 dy stêd ferovere waard troch de Spanjerts.

Radaeus, in oanhinger fan Willem van Oranje, moast lykas in soad oaren flechtsje nei it Noarden.

Yn Frjentsjer wie er wolkom fanwegen syn ûnderfining yn it printersfak en it ferskaat oan letters dy't er meinommen hie. Sa koene de earste wittenskiplike útjeften yn Frjentsjer publisearre wurde.

Yn dit boek wurdt beskreaun wat wy fan syn libben witte en wurdt in list jûn fan de wurken dy't er - yn Antwerpen en Frjentsjer - printe hat.

Sybrandy, Sybren, Libben en wurk fan Aegidius Radaeus, de earste printer fan de akademy te Frjentsjer. 
Fryske Akademy, Ljouwert 2005. Rige Minsken en Boeken nûmer 25. Akademy-nûmer 984. 
72 siden. Priis € 18,00 / foar leden en stipers € 16,50.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

“History is the witness that testifies to the passing of time; it illumines reality, vitalizes memory, provides guidance in daily life and brings us tidings of antiquity.”

“Skiednis is de tsjûge fan it ferstriken fan 'e tiid; it smyt ljocht op 'e wurklikheid, hâldt it ûnthâld libben, jout help yn it deistich libben en bringt ús tynge fan it ferline.” Cicero (106-43)