Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Oar âld ark

Albert Mulder (berne 1921) is in grut samler en kenner fan it ark dat hysels en syn tiidgenoaten noch brûkt hawwe, mar dat sûnt de fyftiger jierren fan de foarige ieu hieltiten mear yn ûnbrûk rekke. Fan him is dêroer yn 1990 it boek Ald ark ferskynd. Yn dat boek gie it benammen om it ark dat troch manlju brûkt waard, ‘frouljusark’ kaam amper oan ’e oarder. Dêr is mei dit boek no feroaring yn kommen.

Yn Oar âld ark wurdt nammentlik it ark fan de húsfroulju yn de earste helte fan de tweintichste ieu beskreaun en soks, lykas by it earste boek, oan de hân fan tekeningen fan Jelle Klaver.

It materiaal wurdt neffens in beskate folchoarder presintearre. Men soe sizze kinne, wy – de lêzers – dogge ûnder lieding fan Mulder in slachje troch de wente.

Wy begjinne yn ’e koken. Itensiedersreau en itensreau, de itensfoarrie en hoe’t soks allegearre opburgen waard, komme oan ’e oarder. Dan geane wy nei de stookhutte. Belangryk is dêr it moandeiswurk: it waskjen. 

Hoe waard it wetter foar de wask oan ’e soad brocht, hoe waard de wask droege en strutsen en hoe en wêr waard it guod opromme? 

It skrobbersark wurdt ek besprutsen. Dan geane wy de (moaie) keamer yn. Wat stie der yn dy keamer? Hokker tafels en stuollen, hokker kasten, wat lei oer de flier, wat hong der oan ’e muorre, wie der in bedstee en hoe seach dy derút? Hoe waard de keamer ferwaarme?

Op soksoarte fan fragen – en oare – wurdt yn Oar âld ark it antwurd jûn.

Mulder, A. Oar âld ark. Fryske Akademy, Ljouwert 2002. Akademy-nûmer 937. ISBN: 90 6171 937 2. 196 siden. 
Priis € 17,50 / foar leden en (stipers) € 15,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

Mooie woorden

"As 't net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin"

Als het niet kan zoals het moet, dan moet het maar zoals het kan