
It Frysk damjen is in unike sport en ferskilt wat de spulregels oanbelanget frijwat fan it Hollânsk damjen. In soad tinksporters achtsje de Fryske fariant, mei syn slaanoer alles, folle dreger te spyljen as de Hollânske.
Yn dit boek beskriuwt Hiele Walinga (1927) fan Aldegea (W.), dy’t sels in ‘crack’ is yn it Frysk damjen en ek al hiel lang warber is as publisist op dat mêd, de ferskillen tusken it Frysk damjen en it Hollânsk damjen.
Mear noch lykwols jout er in tige libben byld fan ’e skiednis en de ûntjouwing fan it Frysk damjen oan hjoeddedei ta. Hy docht dat oan ’e hân fan gâns hânskriftlike boarnen, lykas de notuleboeken fan damferienings en fan it Dambûn Frysk Spul (oprjochte yn 1932), mar ek nei oanlieding fan de mannichte oan krante-advertinsjes en -artikels, foto’s en oare ôfbyldings.
Dy ‘yllustraasjes’ meitsje dat Oer alles! behalven in ynformatyf lêsboek ek in ‘sneupboek’ foar in breder publyk wurden is.
Walinga, H., Oer alles! Skiednis en ûntjouwing fan it Frysk damjen. Fryske Akademy, Ljouwert 2004.
ISBN 90 6171 947 X. 298 siden. € 22,50/ foar leden en stipers € 20,00.
Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl
“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)