Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Om de sûnens fan it Fryske folk

Tuberculose en haar bestrijding bij bevolking en veestapel in Fryslân 1890 - 1948

Dit mânske boek, skreaun yn de Nederlânske taal, mei yllustraasjes en grafiken, behannelet de perioade dy’t yndield wurdt yn fjouwer tiidrekken: foar 1908, 1908 oant 1918, 1918 oant 1930 en 1930-1940. Yn elk tiidrek wurdt omtinken jûn oan:

  • de maatskiplike eftergûnen fan de sykte
  • de medyske opfettings oer oarsaak, fersprieding en bestriding fan de tuberkuloaze
  • de terapeutyske praktyk
  • de rol fan oerheid by de bestriding
  • de rol fan artsen en fan maatskiplike organisaasjes (sikehûzen, krúsferienings), de thússoarch en de neisoarch, en de rol fan pleatslike kommisjes

Yn de earste twa tiidrekken is der ûnder de medisy grut ferskil yn opfetting oer oarsaak en bestridingsmetoade, yn it tredde tiidrek ûnstiet der in konsensus. It nijsgjierrige fan dit proefskrift is ek dat de ynfloed fan de sykte op de Fryske mienskip goed dúdlik makke wurdt.

It tema tuberkuloaze by de minske krijt it measte omtinken, mar dochs wurdt ek de bestriding fan de sykte by it fee yngeand besprutsen. Dit ûndersyk is pionierswurk. Omtinken foar de bestriding fan de tuberkuloaze op provinsjaal nivo wie der oant no ta net. It wurk fan frou Abbo-Tilstra, dat troch de heldere skriuwstyl him lêze lit as in roman, sil - dêr meie wy perfoarst fan útgean - in oantrún wêze foar histoarisy om yn oare regio’s soartgelyk ûndersyk te dwaan.

Abbo-Tilstra, B., Om de sûnens fan it Fryske folk. Tuberculose en haar bestrijding bij bevolking en veestapel in Fryslân, 1890-1940. Fryske Akademy Ljouwert 2002. 
Akademy-nûmer 929. ISBN 90 6171 929 1. 467siden.  
Priis € 30,00 / foar leden en stipers fan de Fryske Akademy  € 27,00.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

 

Mooie woorden

"bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries"

boter, roggebrood en groene kaas, wie dat niet zeggen kan is geen oprechte Fries