Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk
Frysk

Om de ware gemeente en de oude gronden

Geschiedenis van de dopersen in de Nederlanden 1531-1675

"Dit lân is krekt sa fol mei sekten as de simmer fol is mei langpoaten", skreau in grifformearde auteur oer de Nederlannen yn it begjin fan de santjinde ieu. Ta dy sekten hearden yn syn eagen ek de dopersken of de menisten, dy't op dat stuit al in rûzige skiednis efter de rêch hiene.

Yn 1534 hiene de dopersken ûnder lieding fan Jan van Leyden yn Munster in keninkryk oprjochte, dat nei hast oardel jier nei gychem gie. Dêrrnei folge in tiid fan oertinking. It doperske gedachtegoed ûntjoech him doe ta in pasifistyske rjochting. Om 1600 hinne makken de folgelingen fan Menno Simons 10 oant 20% fan de befolking út yn Fryslân, Hollân, Grinslân en parten fan Oerisel.

Yn dit boek wurdt de skiednis fan it doperdom beskreaun. S. Zijlstra lit sjen hoe't de doopsgesinden deryn slaggen harren identiteit te bewarjen yn in maatskippij dêr't se de minderheid yn wienen. Benammen foar de grifformearde religy oer, nei 1580 de hearskjende, moasten de dopersken harren ferdigenje. De steat waard ek yn dy polemyk belutsen. Dêrnjonken besteget Zijlstra wiidweidich omtinken oan de wrâld fan de leauwe fan de dopersken en it plak dy't se ynnamen yn de doetiidske maatskippij.

S. Zijlstra, Om de ware gemeente en de oude gronden. Geschiedenis van de dopersen in de Nederlanden 1531-1675. Uitgeverij Verloren Hilversum en de Fryske Akademy Ljouwert 2000. 
Akademy-nûmer 908. ISBN 90 6550 631 4, 544 siden. 
Priis: € 29,95 / foar leden en stipers € 27,68.

Ynformaasje: afukwinkel@afuk.nl

 

 

Mooie woorden

“Nowhere is it ordained that history moves in a straight line.”

“Nearne is fêstlein dat skiednis yn 'e rjochte line bewege moat.”
Barack Obama (1961-)